Ofrûne freed 21 septimber  2018 is yn de eardere menniste tsjerke yn Boarn op feestlike wize betocht dat 50 jier lyn it UVV Aldeboarn fan de grûn kommen is. Rom 50 minsken ha it feestje mei fiert. Mei in film oer eartiids, sketskes en sang fan Bennie Huisman, in fotoshoot, in priuwerij fan de Pithbrothers low &  slow cooking en it eigen korps Concordia wie it in tige slagge middei en jûn.